Stipe foar MBO-oplieding

13 feb 2008 - 10:23

It Ryk jout goed 400.000 euro stipe oan de nije MBO-oplieding Sport, Rekreaasje en Toerisme fan AOC Fryslân. De oplieding is yn augustus begûn en is in gearwurking mei 15 rekreaasjebedriuwen út it Noarden. De studinten wurkje trije dagen wyks by ien fan dy bedriuwen. Sa leare se it fak foar in grut part yn de praktyk.

It ministearje fan Ekonomyske Saken is wiis mei dizze opset en jout dêrom de subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)