Flinter nei Skylger ferneamd

13 feb 2008 - 10:09

In nije nachtflinter dy't fûn is yn Nij Guinea krijt de namme fan Skylger Piet Zumkehr út Midslân. Hy wie yn 2005 yn Abenaho yn Nij Guinea mei Rob de Vos, in flintersaakkundige fan it Zoölogysk Museum yn Amsterdam.

De Vos hat twa jier wurke oan in publikaasje oer de nije flinter, dy't de namme Notata Zumkheri krigen hat. De flinter liket bot op de al bekende Notata Parva, mar hat wite yn stee fan brúngiele fleugels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)