Nij Kameleonmuseum Terherne

Kameleondoarp wurdt Kameleonavontuer
Yn Terherne komt in museum mei skilderijen fan Gerard van Straaten, de makker fan 'e yllustraasjes fan 'e Kameleonboeken. It museum komt yn de eardere Mennistesjerke yn it doarp. Dy wurdt foar de nije funksje ferboud.
It nije museum sil begjin april iepene wurde. Dan krijt it Kameleondoarp Terherne ek in oare namme. It hjit tenei Kameleonavontuer Terherne.