Strjitlampen wer makke

12 feb 2008 - 13:08

De strjitferljochting oan de Grutte Kampen yn Boalsert docht it wer. Enerzjybedriuw NUON hat de kabelbreuk tiisdei wer makke. Buertbewenners hâlden moandeitejûn in ludike aksje mei waksineljochtjes. Dat diene se om't se al twa-en-in-heale wike sûnder strjitferljochting sieten.

De aksje hie gau resultaat. NUON woe der earst tongersdei wat oan dwaan, mar no is tiisdei al in monteur stjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)