Jonge fytser botst op auto

© Omrop Fryslân
In 11-jierrige jonge fan It_Hearrenfean is moandei ferwûne rekke by in botsing yn syn eigen wenplak. De jonge fytste op 'e krusing fan 'e Heidemar mei de Dopheide, doe't er op 'e auto fan in 49-jierrige frou út St Jânsgea botste. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.
De jonge hie letsel oan 'e skonk en pols. Hy is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.