Heger berop saak-Tessa Klaver

Advokaat Tjalling van der Goot: heger berop yn saak_Tessa klaver
De 22-jierrige man út Easterwâlde dy't feroardield is foar deaslach fan Tessa Klaver fan Donkerbroek giet yn heger berop. Ferline wike krige de man, de eks-freon fan Tessa, tsien jier sel oplein. De man is it der net mei iens.
De rjochtbank stelt dat it slachtoffer mooglik noch libbe en dat de man dêrom egoistysk hannele troch gjin help te sykjen. De man seit dat er yn panyk wie om't er tocht dat se dea wie. Ek soe de straf te heech wêze.