Fertochte moard Ljouwert pakt

12 feb 2008 - 10:25

De plysje hat moandeitejûn in fertochte oanhâlden foar de deadlike sjitpartij yn Ljouwert. De 42-jierrige man soe belutsen wêze by de dea fan de 41-jierrige eigner fan broadsjessaak Turquoise. De Turk fan komôf waard earder dy moarn delsketten op 'e Grientemerk yn it sintrum fan Ljouwert. Hy ferstoar op strjitte by syn auto.

De fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr wurdt er heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)