Skiep kriget fiifling

28 mrt 2012 - 12:45

Op de hobbybuorkerij fan de famylje Meijer yn Boarnbergum hat in skiep tiisdeitemiddei fiif lamkes smiten. It giet goed mei de bisten. It binne trije eikes, oftewol froulike skiepkes, en twa ramkes. Fjouwer fan de fiif lamkes drinke by it memmeskiep en ien is oan de flesse.

In laamfiifling is útsûnderlik. Ien of twa lamkes is normaal.

Trefwurden: 
laamfiifling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)