Biodiesel foar Fryske bussen

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân ride fan moandei ôf 27 streekbussen op biodiesel. Busferfierder Connexxion wol mei dizze proef sjen oft de motoren fan bussen bestand binne tsjin biodiesel.
As de proef goed útfalt, skeakelt it bedriuw mear bussen oer op miljeufreonlike brânstof. Biodiesel is 100% plantaardich en dêrom skjinner foar it miljeu. Deputearre Piet Adema tankte moandei de earste bus symboalysk fol mei biodiesel.