Kuierje bylâns grins mei Grins

© Omrop Fryslân
Pleatslik Belang Fryske Peallen wol in kuierrûte meitsje by de 25 grinspeallen tusken Allardseach en Zoutkamp lâns. De peallen binne yn 1874 pleatst om in ein te meitsjen oan de konflikten oer de Frysk-Grinslanner grins.
Pleatslik Belang Fryske Peallen tinkt dat de peallen in wiere attraksje wurde kinne. De ferwachting is dat alle jierren sa'n tûzen minsken de kuierrûte rinne wolle.