Konifearehage yn brân stutsen

11 feb 2008 - 10:01

Oan de Homear op de Harkema is sneontejûn in konfearenhage yn brân flein. De haach stie tusken in loads en in wente.

De bewenners ûntdutsen de brân doe't se thús kaamen. In karavan dy't neist de hage stie rûn lichte skea op. De plysje tinkt oan brânstifting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)