Dronken man fan dyk helle

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Schoorl ha sneontejûn by Snits in dronken bestjoerder fan de dyk helle. In ynwenner fan Balk gie swalkjend oer de rûnwei A-7 by Snits. Hy siet in pear kear hast tsjin de fangrail oan en stie hieltyd op de rem.
De Noard-Hollanners grepen yn doe't man stil stie foar it stopljocht. Se pakten de kaai út it kontakt en bellen de plysje. De Balkster hie 5 kear mear dronken as mei. Syn riidbewiis is ynnaam en hy hat in bekeuring krigen.