Jonkjes fêst yn slyk fiver

10 feb 2008 - 17:13

Yn it Julianapark yn Ljouwert ha trije jonkjes fan 10 oant 12 jier in skoft lang fêst sitten yn it slyk fan in leechsteande fiver. Ien jonkje koe him sels rêde, foar de oare twa moast de brânwacht útrukke. Ien wie hast oant syn nekke ta yn it slyk fuortsakke.

De brânwacht hat goed in heal oere dwaande west om de jonkjes út de fiver te heljen. Der sit gjin wetter yn om't der op it stuit baggerwurksumheden útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)