Leenstra tolfde op WK

10 feb 2008 - 16:16

Marrit Leenstra fan Wikel hat it wrâldkampioenskip reedriden yn Berlyn ôfsluten op in tolfde plak. Paulien van Deutekom fan Gouda waard wrâldkampioen. Ireen Wüst einige op it twadde plak en de Kanadeeske Kristina Groves waard tredde.

Op de lêste ôfstân de 5 kilometer ried Leenstra de tolfde tiid, 7.35,99. Martina Sábliková út Tsjechië wûn de langste ôfstân by de froulju yn in tiid fan 6.59,26.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)