Ljouwerter ramt auto's
In 74-jierrige automobilist fan Ljouwert hat sneontemiddei fjouwer auto's ramt. De man ride oer de Manderstrjitte yn de rjochting fan de Skrâns doe't hy nei alle gedachten in black-out krige.
De Ljouwerter rekke de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin de auto's. Gjin ien rekke dêrby ferwûne. It rydbewiis fan de Ljouwerter is yn beslach nommen.