Drachtster wol plysje ramme

10 feb 2008 - 14:43

In 28-jierrige automobilist fan Drachten is sneontejûn oan de Overstesingel yn syn wenplak oanhâlden neidat hy besocht hie in plysjeauto fan de dyk te drukken. De plysje siet efter de man oan om't hy earder troch agressyf rydgedrach al hast in oanriding feroarsake hie.

Doe't aginten besochten him oan te hâlden stjoerde hy nei links en drukte hy de plysjeauto hast fan de dyk. De Drachster hie te folle dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)