Leenstra sânde op 1500 meter

10 feb 2008 - 14:20

Marrit Leenstra fan Wikel is by it wrâldkampioenskip reedriden yn Berlyn sânde wurden op de 1500 meter. Se ried in tiid fan 1.59.51. De ôfstân waard wûn troch Ireen Wüst yn 1.57.59. Paulien van Deutekom waard twadde yn 1.57.84.

Nei trije ôfstannen giet Paulien van Deutekom oan de lieding yn it algemien klassemint. Troch de winst op de 1500 meter stiet Ireen Wüst no op in twadde plak en Marrit Leenstra op in tsiende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)