Dronken Balkster fan dyk helle

10 feb 2008 - 14:14

Ynwenners fan Schoorl ha sneontejûn by Snits in dronken Balkster fan de dyk helle. De man ride swalkjend oer de rûnwei A7 en siet in pear kear hast tsjin de fangrail oan.

De Noard-Hollanners koene it net langer oansjen en koene yngripe doe't de Balkster stil stie foar it stopljocht. Se stapten yn de auto, lutsen de kaai út it kontakt en bellen de plysje. De Balkster hie 2,5 promille alkohol yn syn bloed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)