Ein projekt 'Natuurlijk Leven'

Yby Potlatch (foto: www.ybypotlatch.com)
Keunstneres Yby Potlatch hâldt op mei it projekt Natuurlijk Leven. Se kin it net mear betelje. Potlatch besocht by har húske midden yn de greide by Wyns selsfoarsjennend te wenjen. Sa helle se elektrisiteit mei help fan sinnepanielen en hie se in eigen drinkwetterfoarsjenning. Ek brûkt se allinich duorsume boumaterialen.
Koartlyn wie Potlatch noch yn it nijs doe't se fergees skilderijen fuort joech.