Pealtsjes bûtengebiet sukses

10 feb 2008 - 10:45

De pealtsjes mei reflektearjende hûsnûmers yn Eaststellingwerf binne in grut sukses. Mear as tûzen minsken yn it bûtengebiet fan de gemeente hawwe sa'n pealtsje by de doar. Der is noch hieltyd grutte fraach nei de pealtsjes.

Yntusken hawwe ek oare gemeenten ynteresse foar it projekt. Sa oerwaget de gemeente Baarle-Nassau yn Noard-Brâban de pealtsjes ek oan te bieden oan bewenners yn it bûtengebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)