Kramer liedt klassemint

09 feb 2008 - 18:16

Sven Kramer hat sneon mei oermacht de fiif kilometer op de WK allround yn Berlyn wûn mei in tiid fan 6.13.35. Twad waard de Noar Bokko, tred Hedrick en fjirde Davis, beide út Amearika.

De Aldskoater liedt it algemien klassemint nei twa ôfstannen. Twad yn it klassemint stiet de Amerikaan Davis. Snein moatte Kramer en Davis tsjin elkoar ride op de 1500 meter. Ek de 10.000 meter stiet dan op it program.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)