FNP: enkête oer weryndieling

FNP wol witte wat ynwenners fan weryndieling fine
Ynwenners fan Gaasterlân-Sleat koene freed oanjaan oft se foar of tsjin weryndieling binne. De FNP lei dy fraach foar. De FNP is ôfhâldend oer de weryndieling.
Der wenje 7700 minsken yn de gemeente, mar 200 minsken kamen del om har stim út te bringen. De FNP seit tefreden te wêzen mei dit oantal. Nije wike wurdt de útslach fan de enkête bekend makke.