Seedyk by Sint Anne wurdt test

09 feb 2008 - 12:53

Rykswettersteat test de kommende fjouwer wiken de seedyk by de Boonwei by Sint Anne. Dit dogge se mei in 'golfoverslagsimulator'. Sa wurdt wurdt sjoen hoe sterk oft de diken binne by heech wetter en stoarmen.

De simulaasje duorret seis oeren per kear. Dat komt oerien mei it tiidsbestek fan in stoarm. De testen fine no plak, om't it no stoarmseizoen is en de kwaliteit fan de beklaaiing fan gers op de dyk is no ek minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)