'De laatste eer' bestiet ieu

© Omrop Fryslân
Der is wis noch in goede takomst foar lytse begraffenisferienings. Dat seit foarsitter Jouke Dantuma fan begraffenisferiening 'De laatste eer' yn Driezum. By in lytse feriening kinne minsken elkoar en is de sfear folle yntimer, sa seit Dantuma.
'De laatste eer' fan Driezum fiert sneon syn 100-jierrich bestean. Dat bart mei in eksposysje en in jubileumboek oer begraffenisrituelen yn Driezum en omkriten.