Man ferwûne by brân yn keuken

09 feb 2008 - 11:45

In 19-jierrige man út Ljouwert is freedtemiddei ferwûne rekke by in brântsje yn de keuken fan syn hûs. In pantsje mei hite oalje wie yn brân flein.

Mei in brânblusser besocht de man it fjoer te blussen, mar dêrby rûn er slimme brânwûnen op. Ek hie de man grutte muoite om lucht te krijen. De man is nei sikehûs MCL brocht, de brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)