Kramer tsjin Bokko en Fabris

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer komt sneon op it WK-reedriden allround yn Berlyn op de 500 meter út yn de 12e en lêste rit. Tsjinstanner is de Noor Bokko.
Op de 5000 meter moat Kramer it yn de ien nei lêste rit opnimme tsjin de Italiaan Fabris. By de froulju nimt Marrit Leenstra fan Wyckel it op de 500 meter yn de 11e rit op tsjin de Kanadeeske Schussler en op de 3000 meter komt se yn de 4e rit út tsjin Hemmer út Noarwegen.