Grindheim en Svec op de bank

© Omrop Fryslân
De Noar Christian_Grindheim en de Tsjech Michal_Svec sitte foar de konfrontaasje mei PSV foar it earst op de bank. By winst op de koprinner út Eindhoven kin Hearrenfean de kompetysje wer spannend meitsje.
Mar leafst sân kameraploegen wienen freed oanwêzich by de lêste training. Sy mochten allinnich de earste 20 minuten filmje, it ferfolch wie in besletten training. Verbeek wol PSV net wizer meitsje as needsaaklik.