Huzen op plak plysjeburo

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasje Welkom hat it âlde plysjeburo fan Burgum kocht. De korporaasje wol wenningen op it plak delsette. De kommende moannen wurdt ûndersocht hokfoar huzen dat wêze kinne, foar hokker doelgroepen.
De gemeente Tytsjerksteradiel hat al oanjûn it bestimmingsplan feroarje te wollen yn wenbestimming. Oant no ta wie Welkom noch net aktyf yn de gemeente Tytsjerksteradiel.