Snoepke foar allochtoanen

08 feb 2008 - 12:16

Studinten fan de Hanzehogeschool yn Grins hawwe in snoepke ûntwikkele, spesjaal foar allochtoanen. Se diene dat yn opdracht fan fabrikant ConCorp yn Jirnsum. Dat bedriuw is foaral bekend fan de 'autodrop'.

Studint Hugo Simmelink betocht in read snoepke: de granaatappel-velg. It is noch net wis of it winnende snoepke ek echt yn produksje nommen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)