Veenstra boubedriuw fallyt

© Omrop Fryslân
Veenstra boubedriuw út Easterein is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. By it boubedriuw wurkje 25 minsken.
It fallissemint kaam as in folsleine ferrassing foar de direksje. Kurator Goudberg fan It Hearrenfean seit dat it bedriuw in skuldenlêst hat fan goed in miljoen euro. It boubedriuw is dêrtroch in stjoerleas skip wurden. It is net dúdlik oft it bedriuw in trochstart meitsje kin. Der binne noch gjin oername kandidaten.