Tsjûgen mishanneling socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling sneon yn Drylts. In 28-jierrige frou út dy stêd waard oan de Roodhemsterwei út har auto skuord troch in jonge man fan it Hearrenfean. Yn de auto siet ek in berntsje fan twa jier. De man soe de frou skopt en slein ha.
It slachtoffer rekke ferwûne oan har skouderbonke. Se moast dêrfoar behannele wurde yn it sikehûs.