Jonkjes ferniele auto's

08 feb 2008 - 10:30

De plysje hat yn Ljouwert twa jonkjes fan sân en tsien jier oanholden omdat se sân auto's fernield hiene. De auto's stiene by in garaazjebedriuw oan de Zwemmerstrjitte.

De jonkjes ha de ruten en de koplampen stikken makke. Se hiene ek oer twa auto's hinne rûn. De plysje hat mei de âlders fan de bern praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)