Man rydt 60 kilometer te hurd

08 feb 2008 - 10:19

In 24-jierrige autobestjoerder út Akkrum is tongersdei syn rydbewiis kwytrekke fanwege te hurd riden. De man ried mei 141 kilometer yn 'e oere oer de Ryksstrjitwei yn Haskerdiken. De maksimum snelheid dêr is 80 kilometer yn de oere.

De man waard trapearre mei in lasergun. De plysje hat him oan de kant set en syn rydbewiis yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)