Sketten op sliepkeamersrút

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is tongersdeitemiddei op it sliepkeamersrút fan in hûs oan de Handwerkerszijde sketten. Op de sliepkeamer wiene doe krekt in pear bern oan it boartsjen. Dy hearden in hurde tik op it rút. Dêrnei seagen se dat it rút fernield wie en dat der glêssplinters yn de finsterbank leine.
Ut ûndersyk die bliken dat der in kûgelynslach yn it rút siet. De plysje tinkt dat der mei in luchtdrukwapen sketten is, mar wit noch net troch wa.