'Hegere beleaning riedsleden'

© Omrop Fryslân
It wurk fan riedsleden moat better beleand wurde. Dat seine ferskate fraksjes juster yn de riedskommisje Middels fan de gemeente Dongeradiel. De partijen binne der noch net út hoe't in hegere fergoeding krekt ynfold wurde moat.
De VVD fynt in ferheging op syn plak, omdat de besteande fergoeding net yn ferhâlding stiet mei it wurk dat de riedsleden dogge.