Nije parkearregels 't Fean

07 feb 2008 - 21:13

Yn it sintrum fan it Hearrenfean jilde mei yngong fan 1 maart nije regels foar it parkearen. Yn it hiele sintrum mei allinnich noch yn de fakken parkeard wurde. Alle bestjoerders dy't har auto dêr bûten delsette, riskearje 50 euro boete.

No wurdt it parkearferbod yn eltse strjitte wer opnij regele mei buorden. De gemeente fynt dat net sa moai stean. Fierder stean der soms auto's op ûnhâldige plakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)