Soarch oer weryndieling

07 feb 2008 - 19:52

Lânbou-organisaasje LTO-Noord makket him soargen oer de plannen foar in weryndieling yn Súdwest-Fryslân. Yn Wymbritseradiel wurket ien op de fiif minsken yn de lânbou. De boeren hawwe ridlik wat ynfloed op de gemeentlike polityk.

As der in weryndieling komt mei bygelyks Snits, moatte de belangen fan de boeren net ûndersnije, fynt LTO-Noord. Dy hat in brief skreaun oan de ried en it kolleezje yn Wymbrits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)