Ljouwerter bakker suksesfol

© Omrop Fryslân
Banketbakkerij Nijstad yn Ljouwert makket grutte kâns om banketbakkerij fan it jier te wurden. Mi in Patisserie út Vught stiet de bakkerij yn de finale fan in wedstryd dy't organisearre wurdt trocht de stifting Nebato.
Ferskate sjuery's ha beide kandidaten beoardield. Dat gebeurt no noch ien kear. Op 8 april wurdt by in gala yn Aalsmeer bekend oft de bakkerij út Ljouwert de titel wint.