Keninginnedei: sliepe op skip

De Brune Float stelt sliepplakken beskikber op Keninginnedei.
De Brune Float stelt sliepplakken beskikber foar oernachtings op Keninginnedei yn Frjentsjer. Keninginne Beatrix is dan yn Fryslân. Daliks nei it bekend wurden fan dat nijs rûn it stoarm mei boekings fan hotelkeamers. Alles sit no fol.
Rederij Vooruit yn Harns en Drylts hat fjirtich skippen frijmakke. Oant no ta sitte dêr fiif fan fol. Nei ferwachting sil de rest fan 'e float ek kompleet beset wêze.