Mishanneling yn kafee Ljouwert
De plysje siket de dieder fan in mishanneling yn in kafee yn 'e Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert. Twa besikers krigen dêr spul. Dêrby waard treaun, slein en skopt. Ien fan beiden helle út mei in foarwerp dat op in mes like en ferwûne der oare. Dêrnei naaide er út.
It slachtoffer is mei ferwûnings oan 'e earm nei it sikehûs brocht. Wat de oanlieding foar de fjochtpartij wie, is de plysje noch net dúdlik.