Ald-direkteur net oanspraaklik

06 feb 2008 - 22:03

Ap Bokma, de âld-direkteur fan it reklameburo Bokma fan Drachten, is net persoanlik oanspraaklik foar it tekoart yn it fallisemint fan syn reklameburo. Dat hat it Gerjochtshôf bepaald. Yn 2004 gie it reklameburo fallyt. Om't der sprake wêze soe fan ûnbehoarlik bestjoer, waard Bokma persoanlik oanspraaklik steld.

De kurator miende dat dêr genôch grûn foar wie, mar krijt deryn dus net gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)