Krityk op kosten Keninginnedei

Keninginne Beatrix
De 300.000 euro dy't de gemeente Frjentsjerteradiel útjaan wol foar keninginnedei is fierstente folle. Dat fynt de fraksje fan GrienLinks. De partij is benaud dat de belestingen omheech moatte as de gemeente fêsthâldt oan dy trije ton.
It jild kin folle better bestege wurde oan needsaaklike foarsjennings, fynt GrienLinks. Sa is de finansiering fan it achterstallich ûnderhâld oan diken noch net rûn.