Wymbrits: gjin referindum

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Wybritseradiel meie net meibeslisse oer weryndieling fan de gemeente of net. In mearderheid fan de gemeenteried stimde tiisdeitejûn tsjin in moasje fan it FNP om in referindum te hâlden ûnder de ynwenners.
Ferline jier koene minsken by spesjale doarpspetearen oer weryndieling al oanjaan oft se foar of tsjin wiene, mar it FNP fynt dat net representatyf genôch. De mearderheid fan de ried sjocht dat oars.