Ynbrekker oppakt yn Drachten

06 feb 2008 - 09:55

Yn Drachten is woansdeitemoarn in man fan 24 jier oanhâlden foar in ynbraak yn in winkel oan de Stasjonswei. De man waard betrape troch foarbygongers. Doe't de plysje deroan kaam, naaiden de man en in twadde fertochte út.

In plysjeman draafde achter de mannen oan en koe de 24-jierrige oanhâlde. Dy is oerbrocht nei it plysjeburo. De plysje sette ekstra aginten en in plysjehûn yn om de oare fertochte te sykjen, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)