Gemeenten helje bannen oan

© Omrop Fryslân
In ûndersyksburo besjocht welke gemeentelike tsjinsten de Middelseegemeente noch gearfoegje kinne. Fan't hjerst moat dúdlik wêze wêr't de gearwurking tusken It Bilt, Menameradiel, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel noch fierder yntinsivearre wurde kin.
No ha de gemeenten al in mienskiplike persoanielsorganisaasje, ien buro foar hanthavening en de ynkeap wurdt ek sintraal dien.