'Reahelsters moatte betelje'

Bewenners fan it buorskip Reahel by Stynsgea moatte wol hier betelje foar de grûn dy't se brûke. Dat antwurdet it kolleezje fan deputearre steaten op fragen fan de FNP. De bewenners krigen in pear wiken ferlyn in brief fan de provinsje dêr't yn stie dat se 200 oant 300 euro hier betelje moatte foar in stripe grûn oan it Prinses Margrietkanaal. Sy hawwe dy grûn al 50 oant 60 jier yn gebrûk.
Neffens de provinsje moatte minsken dy't provinsjale grûn brûke dêrfoar betelje. De provinsje jout ta dat de kommunikaasje better moatten hie.