Saskia van Ruiten daget Univé

05 feb 2008 - 13:55

Ljouwerter anoreksia-pasjinte Saskia van Ruiten wol dat har fersekerder Univé de kosten fan de behanneling fan har sykte fergoedet. Van Ruiten folget yn in spesjale klinyk yn Sweden in behanneling. Dy kostet 150.000 euro, mar Univé wol dy net betelje.

Yn in koart pleit woansdei yn Ljouwert sil se dy fergoeding easkje. De saak kaam yn it nijs doe't in nep-miljonair yn it TV-programma Pauw en Witteman tasei de kosten op him te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)