Appelskea wol Olympia's Tour

05 feb 2008 - 06:34

Appelskea siket noch sponsors dy't meibetelje wolle oan de oankomst fan de Olympia's Tour yn it doarp.

Der is 40.000 euro nedich foar saken as promoasje en eveneminten neist de populêre amateur-fytskoers. De grutste helte fan dat bedrach moat noch op it kleed komme. Olympia's Tour docht op 20 maaie Appelskea oan. It doarp hat der goed trije jier oer dien om etappeplak te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)