Steven de Jong ferliest saak

Filmmakker Steven de Jong mei net trochgean mei de opnames fan de film Janey, kind van de rekening. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank tiisdei yn in koart pleit bepaald. Neffens de rjochter is oantoand dat it skript op 37 punten oerienkomt mei de boeken Weg van Lila en Vaderstad fan skriuwer Patrick van Rhijn. Fan ynspiraasje is dan neffens de rjochter dan ek gjin sprake mear.
De Jong moat fierder binnen fiif dagen in rektifikaasje pleatse yn De Telegraaf.