10 jier foar deaslach Tessa

Tessa Klaver
De eks-freon fan Tessa Klaver út Donkerbroek hat tsien jier selstraf oplein krigen troch de rjochtbank yn Grins. De 22-jierrige fertochte út Easterwâlde is feroardiele foar deaslach. Hy hat de 19-jierrige studinte yn har flat troch wurging om it libben brocht.
Foar moard koe de fertochte net feroardiele wurde neffens de rjochter. Wol wurdt him swier oanrekkene dat hy allinich om himsels tocht hat.